Vogel rechts

Winkel

De feanbaas hie net allinne minsken yn tsjinst om turf te meitsjen, mar hy hie ek in eigen winkel, dêr’t dyselde minsken boadskippen dwaan moasten. Sjut hie dêr yn har libben ek in winkeltsje.

Yn it âlderwetske winkeltsje út beppe har tiid kinne jo no snobbersguod keapje. It âlde winkeltsje is noch orizjineel ynrjochte. Der is hannelswaar útstald, dat eartiids yn in doarpswinkeltsje te krijen wie.