Vogel rechts

Eksposysje 2015

DouweFranke Master yn it lokaal

Yn de simmermoannen fan 2015 is der in eksposysje oer Douwe Franke te sjen. It is dit jier in iuw lyn dat Douwe Franke berne waard. Hy is hikke en tein yn Burgum, mar waard yn 1948 it haad fan de iepenbiere legere skoalle fan Earnewâld. Dit bleau er oant er mei pensjoen gie yn 1979. Njonken syn funksje as haad fan de legere skoalle, siet er yn ferskate bestjoeren yn it doarp. Sa wie er fan de iepening yn 1957 ôf bestjoerslid fan museum It Kokelhûs fan Jan en Sjut. Hy soe oant rom nei syn pensjoen yn dit bestjoer sitten bliuwe. Fierder wie er mei-oprjochter fan Stichting It Earnewâldster Skûtsje, siet yn sylferiening E.M.M. en wie regisseur fan toanielferiening ‘Hoe sil dit komme?’

Om koart te gean, in doarpsman yn ieren en sinen. Hjirfoar krige er yn 1973 de Gouden E opspjelde. In grutte wurdearring fan syn doarpsgenoaten!

Douwe Franke, bekend as Master Franke, wie ek in natoerman. Yn Earnewâld wie er dan ek hielendal yn syn elemint. Hy gie der faak allinnich, mei syn frou of mei syn learlingen op út en makke talleaze foto’s en dia’s fan de fûgels en planten yn de natoer om ús hinne. Mei syn dia’s gong er de provinsje yn om lêzingen te jaan. Dêrneist skreau er jierrenlang in rubryk yn de Ljouwerter Krante mei de namme ’It fjild yn mei Douwe Franke’.

Yn 1992 waard him de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel takend. Yn de begeliedende oarkonde stiet te lêzen dat Douwe Franke de earepenning krige fanwege syn ‘grote en algemeen erkende verdienstelijkheid voor de gemeenschap van Tytsjerksteradiel en die voor Earnewâld in het bijzonder en als blijk van waardering en erkentelijkheid voor de wijze waarop hij zich als heemkundige, bioloog en fotograaf verdienstelijk gemaakt heeft’.

Dochs siet er ûndertusken net stil…

Yn 1993 ferskynde it boek ‘Earnewâld fan doe nei no’, in boek oer de skiednis fan Earnewâld, skreaun troch Douwe Franke en Roel Toering. Jierrenlang speurwurk op ûnder oare it Ryks Argyf wie oan de ferskining fan dit boek foarôf gien.

Nei syn pensjoen is Douwe Franke weromkeard nei Burgum, syn bertedoarp. Hy stoar op 1 juny 2003 yn de âldens fan hast 88 jier.

Douwe Franke 10 maart 1979

 

Expositie 2016

Met ingang van woensdag 1 juni 2016 is museum ‘It Kokelhûs fan Jan en Sjut’ in Earnewâld weer geopend voor bezoekers.

Dit jaar is er een expositie over kokels (biezen) die ruim opgezet is, deze laat zien wat er in het verleden allemaal van biezen gemaakt is.
Op zondag 29 mei a.s. om 16.00 uur zal de wethouder van cultuur van gemeente Tytjerksteradiel, de expositie openen.

De eksposysjeromte

De eksposysjeromte wie eartiids it kantoar fan de pleatslike V.V.V. yn Earnewâld. Nei’t dy feriening in moaie nije romte krigen hat by de haven, wurdt it âlde kantoarke no brûkt as eksposysjeromte fan It Kokelhûs. Ut de Duvelkeamer wei kinne jo troch in smel gonkje nei dizze romte.

Elts jier stiet der wat nijs yn de eksposysjeromte.

Sa wiene der yn de ôfrûne jierren bygelyks âlde letterlapen te sjen, in samling sparpotten, in kolleksje sels makke poppen en in kolleksje houten boartersguod en redens fan de Fa. Nooitgedagt.

HPIM6234

 HPIM6235