Meiwurkers
It Kokelhûs fan Jan en Sjut wurdt beheard troch in stichting.
Fan 1957 ôf oant begjin 2009 wie it museum eigendom fan de Ottema Kingma Stichting en waard it út namme fan de OKS bestjoerd troch frijwilligers út Earnewâld.
Mei yngong fan de simmer fan 2009 is it museum troch de Ottema Kingma Stichting oerdroegen oan de Stichting It Kokelhûs fan Jan en Sjut.
Dizze nije stichting hat no it museum mei ynventaris yn eigendom krigen.
Neist it bestjoer is der in groep frijwilligers dy’t tsjinst docht as rûnliedster, binne der mannen dy’t winters putsjes dogge en is der yn de maitiid een himmelploech. Mei-inoar sterk!