Donateurs
It seit himsels dat it yn stân hâlden fan in museum jild kostet. No is de ‘Stichting It Kokelhûs fan Jan en Sjut’ noch net op reapsein, mar it bliuwt oppassen mei de sinten. De Stichting docht syn bêst in protte minsken nei it museum te heljen, mar allinne besikers binne net foldwaande om in museum oerein te hâlden.
Dêrom hat de ‘Stichting It Kokelhûs fan Jan en Sjut’ de ynwenners fan Earnewâld en de bedriuwen fan Earnewâld del west mei de fraach om it museum te stypjen troch donateur te wurden. Gelokkich binne der in protte minsken dy’t gehoar jûn ha oan dy fraach. Dêr is de ‘Stichting It Kokelhûs fan Jan en Sjut’ hiel bliid mei, mar der kinne altyd noch wol in pear donateurs by fansels! Wolle jo it museum ek stypje, dan hiel graach. Hoefolle de stipe wêze sil bepaalt elts sels, mar in bedrach fan € 10 of mear soe hiel moai wêze.
Donateur wurde is hiel ienfâldich. Efkes in e-mail nei ‘Stichting It Kokelhûs fan Jan en Sjut’
(This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) en jo krije de papieren tastjoerd om jo yn te skriuwen as donateur.
Fansels meie jo ek in briefke stjoere nei Sofie Kleinhuis,Tsjerkepaed 7, 9264 TG Earnewâld, de foarsitter fan de ‘Stichting It Kokelhûs fan Jan en Sjut’.
As donateur meie jo altyd fergees yn it museum fansels.
Sa hâlde wy mei-inoar de winsk út it testamint fan Sjut oerein en wa soe dat net wolle? Hoe wie dy winsk ek al wer?
"Het is haar wil en begeerte dat haar huis en de goederen die zij daartoe wil aanwijzen blijven en in stand gehouden worden in de toekomst in de toestand waarin zij zich thans bevinden". (út it testamint fan 1955)
De earste 60 jier hawwe wy it oprêden. Wolle jo meihelpe de hûndert fol te meitsjen? Tige tank.