Vogel rechts

As de parrebeam bloeit

apr2009-pboom-450x338As de parrebeam foar It Kokelhûs bloeit dan binne de mannen klear dy’t de ôfrûne winter oan it klussen west ha mei mei it gebou.

As de parrebeam bloeit komme de himmelsters wer opdaagjen dy’t mei-inoar alles wer teplak sette, de bêden wierje, de ruten laapje, kasten útnimme, fan alles poetse, gerdinen ophingje en gean sa mar troch.

As de parrebeam bloeit wurdt koartsein alles wer klear makke foar it nije seizoen en kinne groepen har al melde foar in besite oan it museum dat yn maaie en september allinne foar groepen iepen is. In ôfspraak dêrfoar meitsje is nedich. Yngeande 1 juny is it museum wer alle dagen iepen, foar eltsenien, útsein op freed.

As de parrebeam bloeit wurdt It Kokelhûs fan Jan en Sjut wer wekker út har wintersliep. No mar hoopje op in goed “parrejier”.

apr2009-001-450x338

apr2009-008-450x338

apr2009-032-338x450

klik op ien fan de foto's foar fergruttings

‘It Kokelhûs fan Jan en Sjut’ nei nije stichting

It Kokelhûs waard yn 1957 iepene nei’t de lêste bewenner, Sjoerdje van den Berg, ferstoarn wie. Sy hie yn har testamint fêstlein dat har wenning, in wenning fan in feanbaas út 1770, iepensteld wurde moast foar publyk en dat de wenning ek yn “de huidige staat” bestean bliuwe moast.Oerdracht

De Ottema Kingma Stichting kocht de wenning en in groep frijwilligers út Earnewâld bestjoerde sûnt dy tiid it museum.

It museum bestiet út in âldheidkeamer mei hiel bysûndere tegeltableaus, hat bysûndere keunstwurken út turf, in âlderwetsk winkeltsje, in ‘duvelskeamer’ en in eksposysjeromte.

De nije stichting bestiet út frijwilligers út Earnewâld en sy hâlde no dus nei 52 jier ‘de wil en begeerte’ fan Sjut yn eare foar de takomst.

‘It Kokelhûs fan Jan en Sjut’ is yn de simmermoannen alle middeis iepen fan 2 – 5 oere, útsein op freed. Foar ynformaasje en ôfspraken kinne minsken terjochte op de website www.kokelhus.nl, dy’t sûnt koart online is.
It Kokelhûs is it âldste museum yn Earnewâld neist it Skûtsjemuseum út 1998 en it Frysk Lânboumuseum út 2009.

 

Himmelje

As de winter foarby is en de maitiid komt der oan, dan moat der himmele wurde neffens âld gebrûk. Sa ek yn ‘It Kokelhûs’.
Alles komt fan’t plak en de bêden wurde wierre.
As alles troch de hannen west hat, kriget it syn plak wer werom en kinne de gasten mar komme.

schoonmaak2010-a schoonmaak2010-b

Winter

winter-voorkantpand-2010Alles wiist derop dat ‘It Kokelhûs fan Jan en Sjut’ yn de winterrêst is. De hage en de parrebeam oan de foarkant fan it museum sitte ûnder de snie en ek it tagongssteechje ‘It Fliet’ is net echt makkelik begeanber.
Dochs binne de ‘putsjemannen’ ûnderwilens drok dwaande mei it jierliks ûnderhâld oan it museum. Dat falt net op, want it bart yn in gebou. De flier fan de âldheidkeamer is opknapt en de kelder ûnder de bedstee wurdt op dit stuit ûnder hannen nommen. Elts jier wurde dielen fan it museum fernijd/opknapt om sa de gasten simmers op in goede wize ferwolkomje te kinnen. Safier is it no noch net. It is no folslein winter, mar dat jout ek syn sjarme oan it museum, oan de bûtekant wol te ferstean.

winter-2010