Skip to main content
It Kokelhûs

It âldste museum fan Earnewâld

It Kokelhûs

It âldste museum fan Earnewâld

Wolkom op de webside fan museum

It Kokelhûs fan Jan en Sjut

It lytse, sfearfolle museum leit midden yn it doarp Earnewâld.
It (oarspronklike) wenhûs waard yn 1777 boud troch in feanbaas en is sûnt 1957 as âldheidskeamer te besjen. Oant 1955 wennen hjir Jan en Sjut van den Berg. Hja hienen in winkeltsje en sutelden û.o. mei molke. Jan wie dêrnjonken ek wol reidsnijer, skearbaas, boerefeint.

Se hawwe ek in soad Earnewâldster fliermatten flochten van kokels (biezen yn it Nederlânsk).
Dêrmei is de namme fan dit museum “It Kokelhûs fan Jan en Sjut” ferklearre.

Jan en Sjut

Jan en Sjut

Jan

Jan

Sjut

Sjut

Jan en Sjut

Jan van den Berg stoar yn 1952. Sjut bleau doe allinne efter. Yn har testamint skreau se op 14 april 1955 it folgjende:

“Het is haar wil en begeerte dat haar huis en de goederen die zij daartoe wil aanwijzen blijven en in stand gehouden worden in de toekomst in de toestand waarin zij zich thans bevinden. De bedoeling van deze beschikking is de blijvende instandhouding van huis en inhoud tot een eenvoudig museum. Daartoe zullen ook eventuele huurders of bewaarders verplicht gesteld worden om steeds de bezichtiging van het pand toe te staan”.

Yn datselde jier stoar Sjut en sûnt 1957 is har hûs mei help fan de Ottema Kingma Stichting en pleatslike frijwilligers as museum ynrjochte.

De iepening fan in nij seizoen