Vogel rechts

Wolkom op it webskerm fan museum "It Kokelhûs fan Jan en Sjut"

It lytse, sfearfolle museum leit midden yn it doarp Earnewâld.
It ( oarspronklike ) wenhûs waard yn 1777 boud troch in feanbaas en is sûnt 1957 as âldheidskeamer te besjen. Oant 1955 wennen hjir Jan en Sjut van den Berg. Hja hienen in winkeltsje en sutelden û.o. mei molke. Jan wie dêrnjonken ek wol reidsnijer, skearbaas, boerefeint.

Se hawwe ek in soad Earnewâldster fliermatten flochten van kokels (biezen yn it Nederlânsk).
Dêrmei is de namme fan dit museum “It Kokelhûs fan Jan en Sjut” ferklearre.

JanJanJan van den Berg stoar yn 1952. Sjut bleau doe allinne efter. Yn har testamint skreau se op 14 april 1955 it folgjende:

“Het is haar wil en begeerte dat haar huis en de goederen die zij daartoe wil aanwijzen blijven en in stand gehouden worden in de toekomst in de toestand waarin zij zich thans bevinden.
De bedoeling van deze beschikking is de blijvende instandhouding van huis en inhoud tot een eenvoudig museum. Daartoe zullen ook eventuele huurders of bewaarders verplicht gesteld worden om steeds de bezichtiging van het pand toe te staan”.

Yn datselde jier stoar Sjut en sûnt 1957 is har hûs mei help fan de Ottema Kingma Stichting en pleatslike frijwilligers as museum ynrjochte.

afbeelding 011 250x375Jan en Sjut

 

 

 

It Kokelhûs is it âldste museum yn Earnewâld.
(neist it Skûtsjemuseum út 1998)

It Kokelhûs

Kokelhus 2
Kokelhus 4
Kokelhus 5
Kokelhus 7
Kokelhus 8
Kokelhus 9